Alles oer de jierdeikalinder fan Krúskes

Sa, in blog yn it Frysk!

In Fryske blog dus. Ferjou my alfêst de staveringsfoutsjes dy’t ik warskynlik meitsje yn dit stik. De Fryske taal falt noch net mei. Sels bin ik hikke en tein yn Noard-East Fryslân. Hjir prate de minsken toch krekt wer efkes oars Frysk as minsken yn it Bilt of it Súd-Westen fan Fryslân. Selfs yn de Wâlden hâldt men der al in hiel oar taaltsje op nei. Dêrom is it somtiiden dreech om de júste stavering te brûken, mar ik doch myn uterste bêst fansels!

Oer de kalinder!

Krúskes Friese verjaardagskalenderDan oer nei de kalinder, wêr it om giet. Faak krige ik de fraag of we gjin kalinders ferkochten.. Eltse kear moast ik tot myn spyt nee sizze. Ferhipt tocht ik doe, in kalinder, dat moat ik meitsje! In kalinder komt eltsenien fan pas en ik hie wol wat leuke ideeën. Doe bin ik der ris goed foar gean sitten.. Eltse moanne moast in moaie quote, útspraak of siswize ha. De Fryske taal is in soad moaie siswizen ryk, dus dat wie ek noch lestich! Ik haw besocht by alle moannen in útspraak te betinken dy’t der goed by past en slat op de moanne of in gebeurtenis dy’t yn dy moanne plak fynt. Yn Jannewaris giet it oer goeie foarnimmens, febrewaris oer de leafde, yn maart oer de maitiid en gean sa mar troch. Ik bin yn elts gefal hiel wiis mei de kalinder en hoe’t der wurden is. Jim bin allegear fêst beneid nei alle spreuken en siswizen dy’t op de kalinder stean. Dochs ferklap ik se net allegear, want it mat ek in bytsje spannend bliuwe, no!

Op it lêtst hie ik by eltse moanne in útspraak, doe koe der kontroleard wurde troch saakkundigen fan de Fryske taal. Úteindelik wie alles klear en koenen de kalinders drukt wurde. Wat wie dat wer spannend, want hoe soe it der yn it echt út sjin? Doe’t de kalinders besoarge waarden doarst ik hast net te sjin. Mar úteindelik wienen se noch moaier as dat ik tocht hie! Ik kin no dus fol fertrouwen sizze dat de Fryske kalinders hielendal ‘geef frysk’ binne en fol stean mei leuke siswizen wêr’t elts bliid fan wurdt!
It iene sprekwurd fynt men fansels nijsgjirriger as de oare, mar dat is tink ik in kwestje fan smaak.

” Wat in Fries ienkear yn it hert sluten hat is der min wer út te krijen. “

 

Om dan toch noch mar ien siswize te ferklappen sil ik jim fertelle welke moanne/ siswize myn favoryt is. Kalender maand Mei

De leukste fyn ik de moanne maaie mei de útspraak: foar de wyn is elts in hurdfytser. Dizze stiet fansels yn it teken fan de Fytsalvestêdentocht. It moaie oan de Fytsalvestêdentocht fyn ik dat elts hjir oan mei kin dwaan. Of je no profesjoneel fytser binne of op in blaue moandei in kear in blokje om geane, je kinne allegear foar it krúske gean. Foar de wyn is fansels it moaiste mar ek mei in stik tsjinwyn genietsje je fan de Alvestêdentocht. De geselligens yn’e doarpkes en stêden, it tegearre gean foar in doel en op it lêst it heljen fan de einstreek is dochs geweldich!?
De útspraak docht mysels foaral tinken oan eartiids, doe’t ik eltse dei op en del nei de middelbere skoalle yn Dokkum fytse moast . As je dan moarns wyn tsjin hienen seachen je al út nei de middei, as je mei wyn mei wer nei hûs koenen. Want o, wat koe it waaie! Hast nearne wie beskutting dus je hienen faak ek écht op’e kop yn’e wyn. Dochs wie it njoggen fan de tsien kear sa dat de wyn draaide, wêrtroch je moarns én middeis tsjinwyn hiene.. (Sa fielde it yn elts gefal) Wat wienen je dan bliid as je thús wienen en mem in lekkere kop thee mei in koekje klear hie stean! Lokkich kin ik der no om laitsje, mar doe stie it gûlen my faak neier as it laitsjen! Nei alle gedachten sille in soad fan jim it wol werom kenne!

Bin tige benijd wat jim fan de kalinder fine!

 


Dit bericht is gepost in Blog. Bookmark de link.
De waardering van kruskes.nl bij WebwinkelKeur Reviews is 9.7/10 gebaseerd op 8967 reviews.